Opromaksje fytsen by NS-stasjon

10 maaie 2004 - 00:00

Ferkeard stalde fytsen by it stasjon yn Ljouwert wurde tenei alle wiken fuorthelle. De parkearplysje hat moandei in grutte opromaksje hâlden. Sa'n 400 fytsen gienen de kontener yn.

Fan alle fuorthelle fytsen wurde de gegevens opskreaun. Wrakken wurde fuort opromme en goede fytsen wurde trije moannen bewarre. De eigner kin syn fyts foar 18 euro wer ophelje. Oerbleaune fytsen wurde ferkocht. De lêste opromaksje wie in pear jier lyn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)