Kongressintrum op De Lemmer

10 maaie 2004 - 00:00

De Lemmer krijt takom jier in nij strânpaviljoen en in kongressintrum. Yn de fjouwer sealen is plak foar likernôch 500 minsken. Simmerdeis kinne der hûnderten minsken terjochte yn it restaurant en op it terras.

De bou fan it miljoeneprojekt set yn septimber útein. It gebou wurdt trije ferdjippingen heech. Neffens de inisjatyfnimmers binne sokke grutte strânpaviljoenen frij unyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)