Hôf krijt ekstra strafkeamer
It Ljouwerter Hôf krijt in ekstra strafkeamer. Der binne no fjouwer strafkeamers plus de keamer dy't ferkearsboetes behannelt. De nije strafkeamer bestiet twa jier en sil mear as sânhûndert saken út Amsterdam behannelje. Dêrnei moat de achterstân by de Amsterdamse kollega's fuort wêze.
Yn Ljouwert kinne sân minsken ekstra oan it wurk. Guon spesjalisearre saken wurde net oernaam om't der te min ûnderfining foar is.
Trefwurden:
argyf