Van der Laan iepent Oerol

10 maaie 2004 - 00:00

Steatssekretaris Medy van der Laan fan kultuer iepent Oerol op 11 juny. De steatssekretaris is troch de organisaasje fan it Skylger festival útnoege, omdat dy organisaasje dwaande is de subsydzje fan de oerheid yn stân te hâlden.

It Oerol-festival hat dit jier as tema Niemandsland. It museumskip Holland wurdt foar it earst sûnt de gemeente Skylge haadsponsor is fan Oerol belutsen by it festival.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)