Gjin memmedei op skoalle Flylân

© Omrop Fryslân
De bern fan iepenbiere basisskoalle De Zeester op Flylân ha dit jier gjin tekeningen foar memmedei makke. De skoalle docht neat mear oan memme- of heitedei fanwege it grutte tal bern fan skieden âlden.
De direktrise fan de skoalle seit dat it meitsjen fan in wurkje of tekening foar memmedei te folle pynlike situaasjes opleveret by de bern. Yn plak fan de skraste aktiviteiten hâldt De Zeester dit jier in 'skoalledei'.