Aris ferliest fan MSV

© Omrop Fryslân
Nei 23 oerwinningen op rige hat Aris sneon wer ris ferlern. Nei de nederlaach tsjin Early Bird op 11 oktober ferline jier waard no fan de nûmer trije, MSV út Noordwijk, ferlern mei 95-86. Foaral yn it lêste kertier waard de marzje fan MSV grut.
Takom wike spilet de Ljouwerter basketballploech de seizoensôfsluter yn eigen hûs tsjin degradant Challengers. Dan wurdt ek de beker útrikt, dêr't Aris no al wis fan is.