'Mear beskerming tsjin wetter'

© Omrop Fryslân
It Wetterskip Fryslân moat mear dwaan om Fryslân feiliger te hâlden no't de seewetterspegel omheech giet. Dat sei professor Pier Vellinga, heechlearaar miljeuwittenkippen, sneon op in lêzing fan de Frjentsjerter Universiteit.
Neffens Vellinga moat it Wetterskip neitinke oer it opdielen fan Fryslân yn kompartiminten. No is de hiele provinsje ien polder. Dat betsjut dat by in dyktrochbraak by Harns, it seewetter oant De Lemmer ta streame kin.