Lida Dykstra wint priis

08 maaie 2004 - 00:00

Lida Dykstra fan Aldehaske hat sneon yn Twizel de Simke Kloosterman-priis foar it bêste Frysktalige berneboek krigen. De priis wurdt ien kear yn de trije jier útrikt en wie dizze kear ornearre foar 'Mûske, myn famke'.

By de priisútrikking is in nije tradysje ynsteld: priiswinner en foarsitter fan it organisearjende Kloostermanlien leine in krâns by it grêf fan de skriuwster Simke Kloosterman.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)