Folle mear sedemisdriuwen

08 maaie 2004 - 00:00

Yn Fryslân wiene yn 2003 mear as twa kear safolle sedemisdriuwen as yn de oare noardlike provinsjes. Dat makket it Algemeen Dagblad bekend. Yn Fryslân stiet de teller op 460, yn Grinslân op hast 230, en Drinte helle krek de 160. Fryslân skoart ek heech yn bedrigings, joyriding, softdrugs, heling en stellerij fan persoanen.

It Noarden sit ûnder it lanlik trochsneed kwa misdie. Yn fergelyk mei 2002 is Nederlân wol feiliger wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)