Vonk traint keepers ONT

08 maaie 2004 - 00:00

Keeper Hans_Vonk fan SC_Hearrenfean jout tiisdei les oan de doelferdigeners fan fuotbalferiening ONT fan De Pein. Vonk is útnoege troch de club, nei´t er bekendmakke hie dat er ophâlde wol by de Fryske topclub.

ONT hie him in baan oanbean as keeperstrainer, mar Vonk fynt dat noch te betiid. Hy wol noch in pear jier op goal by in oare club. De kontakten hawwe wol laat ta de keepersclinic fan no tiisdei.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)