Accell nimt bedriuw oer

07 maaie 2004 - 00:00

Fytsefabrikant Accell fan It Hearrenfean nimt op 'e nij in bedriuw oer dat fytsûnderdielen makket. It giet om Van Buuren en Co., in bedriuw út Amsterdam.

Van Buuren leveret fytsûnderdielen en accessoires oan de fakhannel en de gruthannel yn de Benelux. It bedriuw hat santjin wurknimmers en draaide ferline jier mei in omset fan fiif miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)