Asosjale riders pakt yn Wolvegea

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdeitejûn yn Wolvegea ûnopfallend in tal automobilisten folge yn it ferkear. De plysje die dat nei oanlieding fan klachten oer agressive koureurs.
Uteinlik binne trije autobestjoerders betrape op agressyf en ûnfeilich gedrach yn it ferkear. Ien fan har rekke syn rydbewiis kwyt. Hy ried 74 yn in 30-kilometersône. De manlju ha ferskate bekeurings krigen.