Fermiste man dea

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdei by de kop fan de Ofslútdyk it stoflik omskot fûn fan Ronny Fred Brouwer út Ysbrechtum. De 56-jierrige Brouwer lei dêr yn it wetter.
Omdat er gjin spoaren fan geweld op it lichem fan de Ysbrechtumer oantroffen binne, tinkt de plysje net oan in misdriuw. Brouwer waard sûnt 29 april fermist. Hy gie dy dei neffens eigen sizzen nei in gearkomste yn Leiden. Brouwer hie lêst fan depressiviteit.