Seis titels foar Fryske fytsers

07 maaie 2004 - 00:00

Seis Fryske hurdfytsers binne tongersdeitejûn kampioen wurden by de noardlike kampioenskippen tiidriden. Yn Veendam wûn Germ van der Burg fan Folsgeare by de elite-hurdfytsers. By de neo-amateurs gong de titel nei Jenning Huizenga fan Frjentsjer.

Bertine Spijkerman fan Sint Nyk wûn by de froulju, Sven Kramer fan Aldskoat by de junioaren, Jan Brander fan Oerterp by de masters 40+, en Arjen Bos fan Boalsert by de amateurs B.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)