Hanson & Edman yn Sweeds alvetal
Petter Hansson en Erik Edman fan SC Heerenveen binne selektearre foar it nasjonale fuotbal-alvetal fan Sweden, dat meidocht oan it EK yn Portugal.
De Sweedse bûns-coaches ha 23 minsken oproppen. Stefan Selakovic, ek fan SC Heerenveen, is net oproppen. Selakovic die yn oanrin nei dit EK wol geregeld mei by Sweden. Ald-Heerenveen-spiler Marcus Allbäck is ek selektearre.
Trefwurden:
argyf