Opspoaringsbefel hûnesteller

06 maaie 2004 - 00:00

De plysje Fryslân hat in ynternasjonaal opspoaringsbefel útdien nei de man dy't derfan fertocht wurdt snein in hûn mei 11 pups stellen te hawwen út in wenhûs yn Drachten.

Eigner Tjeerd de Haan sit bot yn oer de hûnen, de lytskes binne tige kwetsber. De Haan hat daliks al oanjûn dat er in goed idee hat oer wa't de memmehûn mei de pups meinommen hat. It sil dreech wurde om de man oan te halden om't hy nei alle gedachten yn Dútslân sit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)