Pontsje Prinsetún stiet faai

06 maaie 2004 - 00:00

It pontsje yn de Ljouwerter Prinsetún giet út de faart. Alteast, as de besunigingsplannen fan it kolleezje allegear útfierd wurde.

It pontsje, dat simmers ynset wurdt om minsken fan de Noardersingel oer te setten nei de Prinsetún, hat al faker faai stean. Protesten fan riedsleden hawwe yn it ferline foarkaam dat dat ek safier kaam. De gemeenteried mei begjin juny opnij beslisse oft de pont farre bliuwe moat of net.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)