Direkteur golfbaan:net ûnder cao

© Omrop Fryslân
De direkteur fan de golfbaan yn Sint Nyk, Marcel Wellens, fynt net dat de wurknimmers dy't syn baan ûnderhâlde ûnder de hoverniers-cao falle. Mar hy sil it cao-lean wol betelje as dat moat.
De baan yn Sint Nyk betellet no net neffens de cao. De grienhâlders, sa hjitte de minsken dy't de baan ûnder- hâlde, binne it der net mei iens. Neffens harren rinne se hûnderten euro's mis.