Rydlessen foar 45km-weintsje

06 maaie 2004 - 00:00

De bewenners fan Nij Statelân, in soarchsintrum foar âlderen yn Menaam, krije ynkoarten en masse rydles. En dan net foar in gewoane auto, mar foar in 45km-weintsje. Sa'n weintsje waard se tongersdei troch it Nationaal Fonds Ouderenhulp oerlange.

It Fonds start de rydlessen en it mienskiplik gebrûk fan it autoke no as proefprojekt. As it de alderen en it soarchsintrum befalt, dan krije mear soarchsintra sa'n autoke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)