Amateurfuotbal: SDS kampioen

06 maaie 2004 - 00:00

Yn de tredde klasse B fan it sneons- amateurfuotbal is SDS út Easterein woansdei kampioen wurden. Der waard wûn fan Be Quick Dokkum mei 3-0.

Yn de beker ferlear ONS Snits ferrassend mei 2-3 fan Erica. Yn de tredde klasse D fan it sneinsamateur- fuotbal spilen GAVC en Stienwikerwold in beslissingswedstriid. De Grousters stienen by de rêst mei 3-0 foar, mar ferlearen mei 4-3. GAVC degradearret dus al nei ien seisoen út de 3e klasse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)