Net mear flagje fan Harnzer toer

© Omrop Fryslân
Der wurdt net mear flagge fan de toer fan de NH tsjerke yn Harns út de 13de ieuw. De ARBO-tsjinst ferbiedet amtners en kosters nei boppe te gean om de flaggemêst nei bûten te triúwen. It hout fan de smelle houten trepkes is net ferrot en der is de ôfrûne ieuwen noch nea immen nei beneden fallen. Dochs moatte der earst flierren yn de toer timmere wurde, sadat de minsken nea in ein falle kinne. Dat kin wolris in jier duorje.