Brân by Zijlstra op 'e Jouwer

05 maaie 2004 - 00:00

Op 'e Jouwer hat woansdei in grutte brân west yn de bedriuwshal fan Zijlstra Betonrenovaasje. De brân waard ûntdutsen troch in meiwurker fan it bedriuw. Wat krekt de oarsaak west hat, is noch net bekend.

De brânwacht fan Skarsterlân hat it fjoer bestriden. Der wie benammen in protte reekûntwikkeling, ek noch by it neiblussen. Mooglik is der asbest frijkommen by de brân. Der waard foar tûzenen euro's skea oanrjochte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)