Liberation yn Thialf

© Omrop Fryslân
Leafhawwers fan dance kinne har yn Thialf útlibje mei Befrijingsdei. Dêr is om 12.00 oere Liberation begûn. Ferskate Fryske dj's draaie muzyk ûnder it motto 'Vier vrijheid, vier feest'. Liberation is bedoeld as tsjinhinger fan it Befrijingsfestival yn Ljouwert.
De organisaasje is yn hannen fan XL Dance út Waskemar. It feest duorret oant 23.00 oere. Jongeren fan 16 jier en âlder meie nei binnen. Der wurdt gjin sterke drank ferkocht.