Befrijing foaral mei muzyk fierd

© Omrop Fryslân
Rûnom yn Fryslân wurde woansdei festiviteiten organisearre fanwege befrijingsdei. Yn Ljouwert is wer it jierlikse befrijdingsfestival. Dêr wurdt op it Aldehoustertsjerkhôf en yn de Prinsetún benammen mei muzyk stilstien by it begryp frijheid. Op it grutte poadium sille ûnder oaren de bands Krezip en Tasha's World optrede.
Yn iisstadion Thialf wurdt middeis en jûns de Liberation-houseparty holden dêr't in 4000 minsken ferwachte wurde.