Klompe fuort en Piqué by Cambuur

© Omrop Fryslân
Tieme Klompe giet ein dit seizoen fan SC Hearrenfean nei RKC Waalwijk. De ûnderhannelingen binne klear op in medysk keuring nei. Klompe stie de lêste twa seizoenen by de Feansters fanwegen blessueres amper op it fjild.
Mitchell Piqué (24) spilet takom seizoen by Cambuur. De earste divisjonist út Ljouwert hat de seleksje foar 2004-2005 rûn. Piqué is by Ajax oplaat en stiet noch by TOP Oss ûnder kontrakt. Hy hat foar twa jier tekene.