Seldsume libelle yn Weerribben

© Omrop Fryslân
De donkere wetterjuffer is werom. Wêrom't dizze seldsume libellesoart krekt op de Fryske grins by de Weerribben weropdûkt, kinne de biologen gjin ferklearring foar fine.
De donkere wetterjuffer wie útstoarn yn Noardwest-Europa, mar ferline wike waard er ynienen wer sinjalearre. It giet om in hiel lytse en kwetsbere populaasje. Der wie dus in aardige ekspedysje foar nedich om him te finen.