Gasuny wreidet út yn K'tille

04 maaie 2004 - 00:00

It gasmingstasjon fan de Nederlânske Gasuny yn Koatstertille wurdt mooglik útwreide. Der komt in ynstallaasje dy't stikstof produsearret. De Gasuny wol yn 2005 begjinne mei de oanlis.

Takom wike woansdei is der in ynformaasjejûn yn it Tillehûs yn Koatstertille. It gasmingstasjon stiet krekt bûten Koatstertille, oan de râne fan it yndustryterrein Westkern.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)