Simmerskoalle NHL giet net troch
De simmerskoalle fan de NHL giet dit jier net troch. Te min studinten út it bûtenlân ha har oanmeld. De simmerskoalle wurdt al tolve jier hâlden. Yn trochsneed dogge sa'n 80 studinten mei, wêrfan fyftich út it bûtenlan komme.
De skoalle wol Nederlânske studinten bewust meitsje fan oare kultueren en tinkwizen. It lege tal oanmeldings komt neffens de NHL troch eangst foar terrorisme en te min subsydzjejild.