Plysje makket ein oan gizeling

03 maaie 2004 - 00:00

De plysje hat moandei in ein makke oan de ûntfiering fan in 22-jierrige frou út Drachten. De frou waard ûnder twang meinommen troch har eks-freon. De plysje begûn mei goed 20 man te sykjen. Uteinlik waard de ûntfierder op de Wâldwei by Drachten ynrekkene.

It slachtoffer wie goed skrokken, mar makket it goed. De plysje hie ek noch in helikopter en in boat standby, mar dy wiene net nedich. It slachtoffer en de dieder binne foar ferhoar meinaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)