Eurosport moat werom op kabel

03 maaie 2004 - 00:00

De UPC-programmaried Fryslân wol Eurosport, BBC World, Arte, TRT en Animal Planet taheakje oan it kabelpakket. Muzykstjoerder The Box en Tel Sell moatte ferdwine. De winsken steane yn it foarriedige advys foar it kabelpakket dat de ried opsteld hat. It advys wurdt oan UPC jûn.

It kabelbedriuw moat it advys yn prinsipe opfolgje as der goede grûnen foar binne. Ferline jier frege de ried om wizigings. Dy binne net opfolge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)