De Jong: coach betelle fuotbal

© Omrop Fryslân
Fuotbaltrainer Hans de Jong fan de Ljouwerter Sweltsjes docht mei oan de kursus Coach Betaald Voetbal. De trainer fan de sneonsamateurklub hat dêrfoar it talittingseksamen dien. Ek hat er de oare fereaske foaropliedings en hat er ûnderfining as fuotballer en trainer.
De kursus fan de KNVB begjint yn july. Oare dielnimmers binne Gerald Vanenburg en Aaron Winter. Ek Pieter Bijl en Joop Gall (âld-Hearrenfeanspilers) dogge mei.