Skippersfrou stoarn nei ûngelok

© Omrop Fryslân
In 52-jierrige frou út Grins is sneontejûn yn it sikehûs fan Ljouwert ferstoarn oan de gefolgen fan in ûngelok. Se sylde mei as frou fan de skipper op in charterskip út Harns wei.
By it hisen fan it grutseil knapte in stieltried. Dêrtroch kamen de gaffel en it seil nei ûnderen en de frou rekke dêr ûnder yn de knipe. It slachtoffer is mei swiere ferwûnings nei it sikehûs brocht. Se is dêr dy jûns ferstoarn.