Wytmarsum wint keatsen Weidum
It keatsseizoen is wer út ein set. De ôfdielingspartij yn Weidum wie snein de earste wedstriid. Wytmarsum gie mei de winst oan de haal. It partoer wûn yn de finale mei 5-2, 6-0 fan it partoer fan Sint Jabik.
It partoer fan Wytmarsum bestie út Jacob Zagemans, Herman Sprik en Folkert van der Weij. De winner fan ferline jier, Bitgum, helle snein it tredde plak.
Trefwurden:
argyf