Start nije protestantse tsjerke

© Omrop Fryslân
Rûnom yn Fryslan is snein yn de tsjerken omtinken jûn oan de offisjele start fan de nije Protestantse Tsjerke yn Nederlân (PKN). Offisjeel dogge alle 350 herfoarme, grifformearde en lutherske tsjerken mei.
Yn guon doarpen bestiet wol argewaasje oer de nije tsjerke. Ynformeel is soks oanjûn, mar oft der echt tsjerken út it ferbân stappe sil pas letter bliken dwaan. De fúzje hat benammen foar dûmnys en bestjoerders gefolgen.