Kursus tsjin útsetting út ein

© Omrop Fryslân
Grutte belangstelling wie der sneon foar de kursus Ferset tsjin útsetting, dy't yn Ljouwert holden waard. Mei fjirtich dielnimmers sit de kursus, dy't it Anti-diskriminaasjeburo Fryslân en it COA jouwe, grôtfol.
De lanlike polityk hat ôfwizend reagearre op de kursus. Dy leart de dielnimmers hoe't se harren tsjin de plysje fersette moatte as dy asylsikers útsette wol. Oan de oarder komme ûnder mear blokkadetechniken.