QVC: kampioen, mar gjin feest
QVC Starum is sneon kampioen yn de tredde klasse A wurden. Trainer Loet Boot naam nei de wedstryd ôfskie. It waard lykwols net grut feest, om't ferline wike in QVC-supporter omkaam by in motorûngelok. De wedstryd tsjin De Jouwer begûn dan ek mei in minút stilte.
Leo Pruis makke it earste doelpunt en yn de twadde helte foel de 2-0. Peter Jongstra hie noch in kâns op in tredde doelpunt, mar kopte neist. André Visser skoarde letter de 3-0.
Trefwurden:
argyf