Besuniging op learlingeferfier

© Omrop Fryslân
De gemeente Dongeradiel besuniget op it learlingeferfier. Der wurdt in grins fan seis kilometer ynfierd. Alden dy't dêrbinnen wenje, moatte sels betelje foar it ferfier fan harren bern fan hûs en nei skoalle. De grins is no noch fjouwer kilometer.
De regel jildt allinne foar bern út it basisûnderwiis. Trettjin hûshâldens wurde troch de nije regel troffen. De besuniging smyt Dongeradiel goed 15.000 euro op.