Wurkûnderfining by it spoar

© Omrop Fryslân
Jongeren dy't fêst driigje te rinnen, kinne wurkûnderfining opdwaan by de eksploitaasje fan it spoar tusken Marrum en Ferwert. Dat is ien fan de konklúzjes út in helberensûndersyk nei it herstel fan it stik spoar.
Der binne plannen om oer de âlde rûte fan it Dockumer Lokaaltsje wer in stik spoar oan te lizzen. It giet om in stik fan trije kilometer tusken Marrum en Ferwert. Yn it opknapte stasjonsgebou yn Marrum kin dan hoareka komme.