Enerzjysunige starterswenten

© Omrop Fryslân
De gemeente Dantumadiel sil de kommende tiid enerzjysunige starterswenten bouwe. It giet om 24 wenten fan oardel ton, dêr't it goedkeap wenjen is tanksij in selsfoarsjennend enerzjysysteem. De gemeente docht dit omdat it hjoeddedei in toer is foar starters om in eigen hûs te beteljen.
De earste 24 starterswenten komme op 'e Westerein. De moannelesten bliuwe beheind ta 400 euro tanksij it spesjale enerzjysysteem.