Wurkstraf foar seksmisbrûk

29 apr 2004 - 00:00

Foar de rjochtbank yn Ljouwert binne sân manlju feroardiele ta 240 oeren wurkstraf en seis moanne sel op betingst. Se ha twa famkes fan fjirtjin en sechtsjin jier seksueel misbrûkt. De famkes wiene doe ûnder ynfloed fan drugs en drank.

Tsjin de manlju wie 18 oant 24 moannen selstraf easke. Neffens de rjochtbank is it net bewiisd dat der sprake west hat fan geweld of bedriging. Wol is it letsel en de emosjonele skea grut.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)