PvdA wol lightrailtrein

29 apr 2004 - 00:00

Der moatte lightrailferbinings komme tusken It Hearrenfean en Snits en tusken Drachten en Ljouwert dy't oanslute op goede busferbinings. Dêrmei wol de PvdA-steatefraksje it iepenbier ferfier yn Fryslân oantrekkelik meitsje. De partij hat in plan makke mei in ferfierssaakkundige.

In lightrailtrein ferget wol in grutte ynvestearring fan 'e provinsje. Dat is yn tsjinspraak mei de besunigings dy't no foarsteld wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)