Jong Ajax: mooglik strafpunten

© Omrop Fryslân
Jong Ajax krijt mooglik trije punten yn mindering fanwege de rellen nei Jong Ajax - Jong Feyenoord op sportkompleks De Toekomst. Dy straf is betocht troch de Aanklager Betaald Voetbal. It soe Jong Hearrenfean goed útkomme as Ajax punten ynleveret, want Hearrenfean is mei Ajax de wichtichste kandidaat foar it kampioenskip by de belofteteams.
Ajax hat no ien punt mear as Hearrenfean. Moandei spilet Jong Ajax tsjin Jong Hearrenfean.