Hearrenfeaners yn bûtenlân

29 apr 2004 - 00:00

Fjouwer SC Hearrenfean-spilers hawwe woansdei meidien oan ynternasjonale wedstriden. Radomski foel 6 minuten yn by Poalen-Ierlân. It waard 0-0. Mika Väyrynen stie yn de basis by Finlân en ferlear mei 1-0 fan Bosnië-Herzegowina.

Petter Hansson en Erik Edman begûnen by Sweden op de bank, foar de wedstryd yn en tsjin Portugal. Edman kaam nei it skoft yn it fjild. Hansson die in dik heal oere mei. Sweden spile mei 2-2 gelyk tsjin Portugal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)