Museumdirekteur de sel wer yn

© Omrop Fryslân
De direkteur fan Museum Opsterlân moat de sel wer yn. Hy wurdt fertocht fan it helen fan stellen guod, mar waard troch de rjochtbank frijlitten om syn eigen bedriuw fan 'e ûndergong te rêden.
Neffens it Iepenbier Ministearje is de man de lieder fan in groep kriminelen dy't foar hûndertûzenen euro's oan guod stellen ha. It OM gie dan ek yn berop by it Gerjochtshôf en dy hat it OM gelyk jûn. De museumdirekteur moat no de sel wer yn.