Reltsje oer Roemeensk reiske

29 apr 2004 - 00:00

In reis nei Roemenië soarget foar opskuor yn Skarsterlân. De gemeente hat in freonskipsbân mei Medias. Dy stêd krige twa jiskeweinen fan Skarsterlân en tsien riedsleden, de boargemaster, de griffier en de siktaris giene mei. De gemeente betelle de reis foar 80 %. FNP-riedslid Jongema skreau hjir in krityske brief oer nei de kranten.

De FNP-fraksje nimt no ôfstân fan dat brief. Jongema hat ûnderwilens syn ekskuzes oanbean oan 'e gemeenterie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)