Frysk Bernediktee yn Steateseal

© Omrop Fryslân
It wie spannend woansdei by it Grut Frysk Bernediktee yn de Steateseal fan it provinsjehûs yn Ljouwert. Sa'n 30 bern út hiel Fryslân striden dêr om te sjen wa't it meast betûft is is yn it Frysk skriuwen.
De winner waard Marten van der Meer fan Holwert. It twadde plak wie ek foar in learling fan OBS De Tsjelpe fan Holwert: Janna Grypstra. It tema fan it diktee wie snobbersguod. It diktee waard foarlêzen troch Sjonny Eagle.