Hennepkwekerij Dronryp oprôle

28 apr 2004 - 00:00

Midden yn Dronryp is woansdei in hennepkwekerij oprôle. It giet om in aardich profesjoneel opsette kwekerij mei 800 plantsjes. Der ha noch gjin oanhâldings west.

De stroom waard yllegaal ôftapt en de NUON is sadwaande foar tûzenen euro's tild. De plysje die earder ek al ris in ynfal yn itselde gebou, mar doe wiene se te betiid en waard neat fûn. De kwekerij siet doe achter in geheime doar.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)