Hûn deasketten op Ofslútdyk

28 apr 2004 - 00:00

Op 'e Ofslútdyk hat de plysje tiisdeitemiddei in hûn deasketten. It bist, Toby, wie by it tanken út 'e auto weiglûpt en soarge foar gefaarlike sitewaasjes foar it ferkear. De plysje lei it ferkear stil om de hûn te te fangen. It slagge net de hûn te lokken mei iten.

It bist rûn hieltyd fierder de Ofslútdyk op. Om ûngelokken foar te kommen, is it bist ôfsketten. De hûn wie fan in 41-jierrige man út Grins.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)