Arriva teloarsteld yn Ton Baas

28 apr 2004 - 00:00

Grut-oandielhâlder Arriva yn ferfiers- bedriuw Noordned is slim teloarsteld oer de wize wêrop't it treinferfier yn Fryslân en Grinslân oanbestege wurdt. Noordned is yn Fryslân aktyf op de spoarlinen fan Ljouwert nei de stêden Grins, Snits en Harns.

De Fryske deputearre Ton Baas hie tasein dat dat ferfier ûnderhâns oan- bestege wurde soe oan Noordned. Dat wurdt no in iepenbiere oanbesteging. In oar as Noordned kin dan it wurk krije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)