Ryk moat kenniskampus stypje

28 apr 2004 - 00:00

Foar de kenniskampus yn Ljouwert moat it ryk tsien miljoen euro jaan. Dat fine de provinsje Fryslân en de gemeente. De kenniskampus kostet mei elkoar 155 miljoen euro. De CHN, de NHL en it Van Hall Instituut betelje 70 miljoen euro. Bedriuwen en korporaasjes stypje mei 55 miljoen euro.

De provinsje jout 10 miljoen en de gemeente jout op syn heechst seis miljoen. Yn 2008 moat de Kenniskampus oan de Rengersleane klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)